Nominearren duorsumenspriis

27 mrt 2009 - 15:52

Fjouwer bedriuwen binne nominearre foar de provinsjale duorsumenspriis. It giet om Damstra Ynstallaasjetechnyk út Dantumadiel, Sauna Hotstones fan it Bilt, Boubedriuw Kootstra Van der Veen út Achtkarspelen en Akkomodaasjes Doeksen fan Skylge.

Mei-inoar tsien bedriuwen binne troch in wurkgroep besocht. De sjuery is ûnder de yndruk fan alle inisjativen. Derom gean lykas ferline jier dit jier ek fjouwer yn stee fan trije bedriuwen nei de finale op 21 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)