Nominearre foar wurkstik EU

18 apr 2013 - 20:31
  • Yde en Thomas mei it profylwurkstik.

It wurkstik fan twa Bornego-learlingen op It Hearrenfean is nominearre foar Europrofiel. Dit is in lanlike wedstryd foar learlingen fan in middelbere skoalle, dy't in profylwurkstik skriuwe oer de Europeeske Uny. Yde van der Veen en Thomas Douma sille takom wike freed harren wurkstik yn Den Haach presintearje. Se moatte it opnimme tsjin trije oare kandidaten. De winner mei in besite bringe oan it Europeesk parlemint yn Brussel. De beide learlingen fan Bornego ha harren wurkstik de titel 'de Eurocrisis: hoe verder?' jûn.

It duo hat de krisis yn byld brocht en neitocht oer oplossingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)