Nominearden 'Fryske ûndernimming fan it jier' bekend

16 mrt 2015 - 17:00
  • Wat wurdt Fryske ûndernimming fan it jier?

De trije nominearden foar de ferkiezing 'Fryske ûndernimming fan it jier' binne bekend. Fotocadeau.nl fan Kollum, DMT Environmental Technology fan De Jouwer en Ventura Systems út Boalsert binne de lokkigen. Bram Nauta fan de stichting dy't de ferkiezings organisearret, is moandei te gast yn it televyzjeprogramma Bynt fan Omrop Fryslân. Hy fertelt mear oer de trije útkeazen bedriuwen.

De finale is op tiisdei 21 april yn de Johan Postkazerne yn it Drintske Havelte. Omrop Fryslân stjoert dat ek út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)