Nominaasjes Rink VdVelde-priis

07 jan 2014 - 14:24
  • Rink van der Velde

De fiif nominearren foar de Rink van der Velde priis binne bekend. It binne Leo Popma, Freddy Scheltema, Sipke de Schiffart, Steven Sterk en Ale S. van Zandbergen. Sy meitsje kâns op de twajierlikse literêre priis foar Frysk proaza.

De ûnderskieding is in inisjatyf fan de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân. De sjuery makket op 19 febrewaris de winner bekend. Dy krijt in jildbedrach en in byld fan keunstner Anne Woudwijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)