Nominaasjes moaiste gebou

08 maaie 2007 - 12:10
  • it nije gebou fan Piter Jelles de Brêge

Trije Fryske gebouwen binne nominearre foar de lanlike priis Gebou fan it Jier. De priis is opset troch it Bûn fan Arsjitekten. De nominearren binne twa gebouwen fan de skoalmienskip Piter_Jelles yn Ljouwert: Piter Jelles Junior De Brêge en Piter Jelles Gymnasium gebou De Maneezje. Fierder makket de Martinibuert yn Wolvegea ek kâns op de priis.

Op 22 juny wurdt bekend wa't de winner is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)