Nominaasjes Kultuerpriis

29 feb 2012 - 16:43

Fotograaf Dolph Kessler en skriuwer en muzikant Nyk de Vries binne nominearre foar de Kultuerpriis Tytsjerksteradiel 2011. Kessler is berne yn Amsterdam, mar wennet yn Oentsjerk. Syn wurk is yn kranten en tydskriften publisearre. De Vries is berne yn Noarburgum en wennet no yn Amsterdam. Hy skriuwt yn it Frysk en Nederlânsk. Syn nijste boek hyt 'De dingen gebeuren omdat ze rijmen'. De sjuery makket 14 maart de winner bekend, de priis wurdt 5 april útrikt. De twa jierlikse priis bestiet út 950 euro en in keunstwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)