Nominaasjes Hannie Meinpriis

30 sep 2012 - 10:52

Yn de Stellingwerven binne de trije nominearden bekendmakke foar de Hannie Mein Keunstpriis foar dit jier. It giet om Peter Hiemstra dy 't wurket mei keramyk, Christiaan Kuitwaard dy't skilderet mei oaljeferve en Marjolein Spitteler dy't wurket mei ferskate media.

De Hannie Mein Keunstpriis wurdt ienris yn de trije jier útrikt oan in keunstner dy't wurket yn de Stellingwerven. De sjuery bestiet út Francine Gramsma, Thom Mercuur en Marcel Smarius. Op 13 oktober makket de sjuery de winner bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)