Nominaasjes Fryske sporters

12 jan 2013 - 10:25

Fierljepper Oane Galema, keatster Leonie van der Graaf-Zeinstra en skûtsjesiler Douwe Visser fan Snits binne nominearre as Frysk sporter fan it jier. Op 30 jannewaris wurdt de winner bekend makke op it Sportgala Fryslân op It Hearrenfean. Oant en mei 27 jannewaris kin it publyk syn stim útbringe op de nominearren. As sportman fan it jier binne Epke Zonderland, Sven Kramer en shorttracker Sjinkie Knegt nominearre. By de froulju giet it om Ireen Wüst, sylster Marit Bouwmeester en hurdfytster Alyda Norbruis.

Der kin ek noch stimd wurde op de sportploech en it sporttalint fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)