Nominaasjes foar Ryksmonumint

18 mrt 2013 - 12:29
  • It Hooglandgemaal yn Starum

Trije Fryske objekten wurde mooglik beneamd ta Ryksmonumint. It giet om it Thalenpark yn Drachten, it Hooglandgemaal yn Starum en it hûs fan arsjitekt Abe Bonnema yn Hurdegaryp. De trije objekten steane op in potinsjele list fan nije ryksmonuminten dy't boud binne tusken 1959 en 1965. Dy list is moandei troch minister Bussemaker oerdroegen oan de ried fan kultuer. Dy besjocht oft de trije ek yndied it stimpel Ryksmomumint krije. Dat wurdt dizze hjerst bekend. Der steane yn totaal 89 gebouwen en plakken op de list.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)