Nominaasjes foar Fryske sporters fan 2015 binne bekend

09 jan 2016 - 07:01

Friezen kinne fan sneon ôf stimme op sporters en sportploegen foar de Fryske sportprizen, de Pim Mulierprizen. Sneontemoarn binne de nominaasjes dêrfoar bekend makke.

Foar sportman fan it jier binne reedrider Jorrit Bergsma, gersbaanracer Jannick de Jong en shorttracker Sjinkie Knegt nominearre.

De kânshawwers foar sportfrou fan it jier binne sylster Marit Bouwmeester, turnster Sanne Wevers en reedrydster Ireen Wüst.

Sportgala

Op woansdei 17 febrewaris wurde de prizen útrikt op it Sportgala Fryslân. Yn totaal binne der nominaasjes foar sân prizen.

Nominaasjes

De nominearren yn de oare kategoryen binne:

  • Sportploech: ploege-achterfolging reedriden manlju, Nederlânsk turnteam froulju, follybalklup Snits froulju 1
  • Sporttalint: Judoka Natascha Ausma, swimster Marrit Steenbergen, judoka Sanne Vermeer
  • Sporter mei in beheining: dressuerrydster Rixt van der Horst, hurdfytster Alyda Norbruis, swimmer Olivier van de Voort
  • Fryske sporter: skûtsjesiler/skipper Dirk Jan Reijenga, keatster Manon Scheepstra, keatser Taeke Triemstra

Fierder wurde noch prizen útrikt foar sport op basisskoallen, de assistint fan it talint en de oeuvrepriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)