Nominaasje wenningkorporaasje

19 okt 2009 - 17:29

Wenningkorporaasje Wenjen Súdwest-Fryslân yn Balk is nominearre foar de nasjonale enerzjytakomsttrofee fan it ministearje fan VROM. Wenjen Súdwest-Fryslân makket kâns op de lanlike priis troch de enerzjysunige renovaasje fan goed 2100 wenten.

Troch dy renovaasje sakke it enerzjygebrûk bot en dat leveret de bewenners alle moannen in besparring fan trochinoar 75 euro op. De kosten fan it projekt wiene goed acht miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)