Nominaasje Spelen foar Postma

29 apr 2011 - 15:29
  • Pieter-Jan Postma (foto: Richard Langdon)

Pieter-Jan Postma is nominearre foar de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen. De siler hat syn nominaasje te tankjen oan in brûnzen medalje by de wrâldbekerwedstriid yn Hyères yn Frankryk. Postma sylt yn de Finn-klasse.

De man fan Terkaple moast yn de medalrace Ben Ainslie (Ingelân) en Zach Railey (Amearika) foargean litte. Postma moat no it kommend healjier foarmbehâld toane om wis te wêzen fan dielname oan de Spelen yn Londen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)