Nominaasje rioelwettersuvering

05 nov 2014 - 11:34
  • Underwetterdrone (argyffoto)

It rioelwettersuveringsprojekt yn Snits is nominearre foar de wetterynnovaasjepriis yn de kategory skjin wetter. De uny fan wetterskippen rikt dizze priis alle jierren út. Yn Snits wurdt selluloaze út it húshâldlik ôffalwetter helle. Dizze stof wurdt fuort wer brûkt as in seef om biologysk slib wetterfrij te meitsjen. Sa bliuwt der folle minder slibôffal oer en dat is miljeufreonliker.

It projekt is in gearwurking tusken Wetterskip Fryslân, wetterskip Noorderzijlvest en wittenskiplike ynstellings. Op 2 desimber wurdt de winner bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)