Nominaasje Poppoadium Romein

09 maaie 2008 - 14:27
  • Poppoadium Romein by de feestlike iepening

Poppoadium Romein yn Ljouwert is nominearre foar de priis fan bêste poppoadium fan Nederlân. De priis is yn it libben roppen troch de Feriening fan Nederlânske poppoadia en festivals en sil op 11 juni útrikt wurde.

Neist in priis foar it bêste poppoadium is der ek in priis foar it bêste festival en it bêste live-optreden. Minsken kinne fan freed ôf harren stim útbringe yn de ferskate kategoriën op de website www.livexs.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)