Nominaasje Ljouwert Energy Award

07 nov 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert is foar it fjirde jier achter inoar nominearre foar de Energy Award. De priis wurdt alle jierren útrikt troch de Novem, de Nederlandse Onderneming voor Energie en Milieu.

Ljouwert is dizze kear foardroegen foar de ynstjoering 'de gemeente as kadermakker'. Ljouwert wol in kader skeppe foar klimaatbelied yn de gemeente. Op dizze wize moat de útstjit fan CO2-gassen fermindere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)