Nominaasje kemping fan it jier

06 aug 2014 - 15:27
  • Camping Venema yn Koudum

Minykemping Venema yn Koudum is nominearre foar de titel kemping fan it jier 2015. De Fryske kemping is no al útroppen ta regionale kemping fan Noard-Nederlân. De ferkiezing is in inisjatyf fan koepelorganisaasje VEKABO. De nominaasjes binne dien op basis fan reaksjes fan gasten dy't op de kemping oernachte hawwe. Dêrnei hat in sjuery noch del west om te sjen oft de kemping yndie de titel ek echt wurdich is.

De lanlike winner fan de ferkiezing wurdt yn jannewaris 2015 bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)