Nominaasje foar Wolkerspriis

07 jul 2013 - 10:08

It boek 'Wat je met rust laat, kan groeien', oer it Fochtelerfean makket kâns op de Jan Wolkers Prijs foar it bêste natuerboek fan Nederlân. It boek is skreaun troch Herman Feenstra en Harke Kuipers en giet oer wat him de lêste tweintich jier allegear ûntwikkele hat yn it Fochtelerfean. Herman Feenstra folget de ûntwikkelingen yn it natuergebiet al tsientallen jierren. De Jan Wolkers Prijs is in inisjatyf fan it radioprogramma Vroege Vogels, it Wereld Natuur Fonds en de Volkskrant.

It boek fan Feenstra en Kuipers is mei noch 19 oare boeken yn de race foar de priis. Yn oktober wurdt bekend wa't wûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)