Nominaasje foar Frysklab

24 okt 2014 - 07:46
  • FryskLab
  • FryskLab

It projekt Frysklab fan Bibliotheekservice Fryslân is nominearre foar de Innovatie voor Informatie-award. Dizze priis wurdt útrikt oan in bibleteek, argyf of museum dy't op in nije wize ynformaasje oanbiedt oan minsken. Frysklab is in mobyl kennissintrum dat yn de bibliobus sit en ynhierd wurde kin troch skoallen, bedriuwen en ynstellings.

Ek de bibleteek Midden-Brabân en it Brabânsk Historysk Ynformaasje Sintrum binne nominearre. De útrikking fan de award is op 18 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)