Nominaasje foar Eco Style

18 sep 2000 - 14:29

Eco Style yn Appelskea is troch ûndernimmersorganisaasje MKB Nederlân nominearre foar ûndernimming fan it jier. Der binne noch twa oare gadingmakkers. Mei-inoar 800 lytsbedriuwen hawwe harren oanmeld foar de kompetysje.

By Eco Style produsearje se biologyske bestridings- en dongmiddels. It bedriuw groeit mei sa'n 25 prosint it jier en tinkt oan útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)