Nominaasje Esther Oostlander

23 mrt 2014 - 14:39
  • Nominaasje foar Esther Oostlander

Judo en Jiu-jiujitsu coach Esther Oostlander út Wyns is troch it judobûn nominearre foar de titel coach fan it jier 2013. Oostlander nimt it op tsjin Cor Noerman út Goes en Tycho van der Werff út Amstelveen. Publyk kin fia de webside fan it judobûn in stim útbringe op ien fan de trije kandidaten.

Oostlander is nominearre foar de coach fan it jier ferkiezings troch leden fan FMT Budo út Oentsjerk dêr't se lessen fersoarget. Op 27 maart wurdt yn Sportsintrum Papendal bekendmakke wa't coach fan it jier wurdt.

Ald-wrâldkampioen Dennis van der Geest sil dizze earetitel oan de winner jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)