Nominaasje ´Boer tsjin boer´

21 jan 2009 - 14:04
  • Boer tsjin Boer is nominearre foar in NL-Award

De finale fan it Omrop_Fryslân tv-programma Boer tsjin boer makket kâns op in NL-Award. Dat hat Roos, de organisaasje fan regionale omroppen, bekend makke. Boer_tsjin_Boer is nominearre yn de katergory Faria TV.

Yn de kategory Faria radio makket Buro_de_Vries kâns op twa prizen. It giet om it ûnderdiel De Tún, wêryn´t in seizoen lang it wurk op in folkstún folge waard. Ek in programma oer dûmny Ketelaar makket kâns op in NL-Award. Dy wurde 11 febrewaris útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)