NOM stekt jild yn Bair

17 des 2002 - 00:00

De Noardlike Untwikkelings Maatskippij (NOM) sil mei oandielen partisipearje yn it jonge softwarebedriuw Bair út Drachten. It noch mar twa jier âlde bedriuw hat it programma Pectora makke foar database publishing. It programma kin maklik meartalich wurkje en is ek geskikt foar ynternet.

Troch it jild fan de NOM kin Bair bedriuw útwreidzje. Bair wol no besykje om mei Pectora nei Nederlân ek België en Dútslân te feroverjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)