NOM sjocht goed werom op 2000

28 jun 2001 - 00:00

De Noardlike Ontwikkelings Maatskippij hat goed twa miljoen gûne minder winst makke as ferwachte. Dochs sjocht de NOM goed werom op ferline jier. De winst wie sân miljoen gûne.

De NOM hellet nije bedriuwen nei it Noarden en besiket besteande ûndernimmingen ynvestearje te litten. Yn 2000 wienen der 22 projekten, wat 1440 nije wurkplakken oplevere hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)