NOM komt mei krisisplan

14 feb 2009 - 11:31

De Noardelike Untwikkelings-maatskippij, de NOM, komt takom wike mei in plan om de resesje yn it Noarden te beheinen. Troch ûnder mear ynfrastrukturele projekten nei foaren te heljen, lykas de oanlis fan de Heak om Ljouwert hinne, hopet de NOM de Noardelike ekonomy goed oan de gong te hâlden.

It pakket fan maatregels fan de NOM slút goed oan by it fersyk fan seis steatefraksjes oan de provinsje om mei in needplan foar de krisis te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)