Nog gjin klubhûs skeeleraars

19 feb 2007 - 10:42

De skeeleraars fan De Westerein moatte mooglik folle langer wachtsje op in eigen ûnderkommen. De skeelerferiening hat in jier lyn wat houten geboutsjes delsetten by de skeelerbaan oan de Badhuisterwei.

Der moat noch aardich wat oan de geboutsjes gebeure foardat se brûkt wurde kinne, mar de feriening moat wachtsje op in boufergunning. Dy rint lykwols fertraging op, om't it bestimmingsplan wizige wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)