Noed yn Wergea om twa brêgen

27 okt 2012 - 11:45

De bewenners fan 13 adressen yn Wergea binne benaud dat se opsletten wurde tusken twa brêgen. It giet om de Hillebuorren en Grote Buren. No is de Wergeasterfeart dêr't se oan wenje noch iepen farwetter, mar dat kin feroarje. De takomst fan de besteande brêge yn it sintrum fan it doarp is ûnwis en de plannen om fierderop oan de Hillebuorren in fyts- en kuierbrêge te bouwen, wurde mar net útfierd. De kâns bestiet dat it beide fêste brêgen wurde wêrtroch de wearde fan de hûzen oan it wetter ôfnimt. De bewenners wolle dúdlikheid fan de gemeente.

Dy dúdlikheid moat der komme, want op 16 jannewaris 2013 is it bestimmingsplan fiif jier âld en wurdt it ûnmooglik om planskea te klaimen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)