Noed Tresoar oer fjoerwurk

28 aug 2008 - 16:53
  • Fjoerwurk gefaar foar Tresoar

It histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert hat noed oer de fjoerwurkfeesten dy't de gemeente op it Aldehoustertsjerkhôf tastiet. Yn Tresoar, neist it plein, leit de hiele skiednis fan Fryslân opslein. It soe in ynternasjonale ramp wêze as dat yn flammen opgiet, seit de direksje.

Ofrûne freed, mei it fjoerwurk by de iepening fan it Frysk festival, wiene de minsken fan Tresoar op it slimste taret. Mar troch in geunstige wyn, wie der gjin gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)