'Noed oer technysk personiel'

31 maaie 2014 - 15:02
  • NK sinneboatrace yn Akkrum

De kâns is grut dat it technyske wurk yn Fryslân aanst dien wurdt troch bûtenlânske wurknimmers, as der net gau mear ynset wurdt op technysk ûnderwiis. Dêr warskôget Douwe Faber foar, hy is direkteur fan advysburo E-Kwadraat. Der binne ferskate inisjativen om bern te ynteressearjen foar de technyk, mar dit is noch net genôch. De kennis dy't dalik nedich is, is wol te finen yn East- en Súd-Europa, seit Faber.

It Nederlânsk Kampioenskip foar sinneboaten yn Akkrum spile dêr op yn mei de Young Solar Challenge.

Middelbere skoallen krigen de kâns om sels in sinneboat te bouwen en sa de jongeren yn 'e kunde te bringen mei de wrâld fan de technyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)