Noed oer takomst swimbaden

20 jul 2011 - 15:13

De takomst fan ferskate swimbaden yn Fryslân stiet faai. De Frosk yn De Westereen bliuwt iepen en ek it bad yn Frjentsjer is rêden. Menaam en Hallum moatte mooglik ticht. It Nationaal Platform Zwembaden hat dêr grutte soarch oer. De sluting hat faak te krijen mei jildkrapte fan gemeenten.

Swimbad De Welle yn Drachten docht it wol goed. Jierliks komme der goed 350.000 minsken. Nei drege tiden is yn 2007 keazen foar in mear bedriuwsmjittige oanpak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)