Noed oer takomst nei fúzje

29 okt 2008 - 12:19
  • Net alle amtners binne wiis mei de fúzje

Amtners fan de Súdwesthoekegemeenten dy't fusearje sille, ha noed oer har takomst. Se freegje har ôf hoe't it komt mei har baan en wêr't se komme te wurkjen. De ûndernimmingsrieden yn Snits, Boalsert, Wûnseradiel, Nijefurd en Wymbritseradiel sille mienskiplik it fúzjeproses begeliede.

It personiel yn alle gemeenten is woansdei ynformearre oer it beslút om ien grutte Súdwesthoekegemeente te foarmjen. By de fiif gemeenten wurkje 750 amtners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)