Noed oer spulwiken Appelskea

20 jul 2012 - 20:10

Mei man en macht wurdt dit wykein in iepen plak yn it Drents Friese Wold geskikt makke foar de fakânsjespulwiken. Al mear as 50 jier wurde yn Appelskea aktiviteiten organissearre foar skoalbern, mar de fakânsjewiken moatte no op in oar plak holden wurde.

De âlde lokaasje is in beskerme natuergebiet wurden en dêr meie no gjin grutte groepen bern mear komme. Der is al wol in nije lokaasje, mar dêr is it noch net feilich genôch. Moandei om acht oere sette de aktiviteiten útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)