Noed oer skoalle Earnewâld

02 okt 2012 - 17:11

De gemeente Tytsjerksteradiel is bang dat de skoalle fan Earnewâld slute moat as dy syn spesjale status ferliest. Omdat op de skoalle sawol protestant-kristlik as iepenbier ûnderwiis jûn wurdt, hat de Master Frankeskoalle in spesjale status, mar minister Van Bijsterveldt wol dy skrasse. Dat soe betsjutte dat dan foar de skoalle deselde opheffingsnoarmen jilde as foar oare skoallen.

De gemeente Tytsjerksteradiel tinkt dat dat op termyn sluting betsjut en freget de minister om de skoalle syn útsûnderingsposysje yn de wet behâlde te litten.

Hieltiid mear skoallen wurde gearwurkingsskoallen mei sawol kristlik as iepenbier ûnderwiis, dêrom fynt de minister in útsûnderingsposysje net mear nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)