Noed oer plan feart troch flat

10 okt 2012 - 14:34

Bewenners fan de Potterzijlflat yn Snits meitsje har grutte soargen oer de plannen om in feart troch de flat oan te lizzen. Boargemaster en wethâlders fan Súdwest Fryslân binne dêr posityf oer en wolle it plan fierder útwurkje. De bewenners fiele har oerfallen troch dat beslút. Sa is fan 'e wike dúdlik op in ynformaasjejûn fan wenningstifting De Wieren. De bewenners ha al in soad oerlêst hân fan de oanlis fan de nije A7 en binne benaud dat sy wer yn in bouput sitte. Ek ha sy noed oer skea oan de flat en it ferdwinen fan wenningen en bergingen.

Direkteur Kloet fan De Wieren wol dat de bewenners better ynformearre wurde, garânsjes krije dat alles feilich dien wurdt en dat sy goed kompensearre wurde. Oars wurket de Wieren net oan de plannen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)