Noed oer Nuonjild provinsje

06 okt 2008 - 22:25

Der is noed by de FNP oer de oandielen Nuon dy´t de provinsje by Fortis parkeard hat. De provinsje mei dy oandielen noch net ferkeapje, mar hat se in skofke lyn foarútrinnend dêrop al by Fortis ûnderbrocht. Mei dy oandielen as ûnderpân krige de provinsje in bedrach fan 320 miljoen euro. Mar Fortis is no yn problemen rekke troch de kredytkrisis.

De FNP hat dêr grutte soargen oer en freget Deputearre Steaten of it jild by Fortis wol yn goede hannen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)