Noed oer kosten rjochtspraak

10 feb 2011 - 12:43

Fryske rjochters en advokaten meitsje har soargen oer de besunigings. It ryk wol mear freegje foar de rjochtspraak. Guon saken dy't no sa'n 50 euro kostje, binne aanst pas mooglik as minsken dêr mear as 700 euro foar betelje.

Foaral minsken mei in modaal ynkommen wurde sa de dupe. It protestearjen tsjin boufergunnings, miljeufergunnings of it behanneljen fan in echtskieding binne amper mear te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)