Noed oer jeugdsoarchplannen

11 nov 2013 - 09:43

Jeugdzorg Nederland sit yn noed oer de regionale plannen dêr't gemeenten yn oanjouwe hoe't sy de jeugdsoarch foarmjaan sille. Dy ferantwurdens giet yn 2015 fan it ryk oer nei de gemeenten.

Neffens Jeugdzorg Nederland binne de plannen te frijbliuwend en biede se gjin oplossing foar wichtige knipepunten. Dêrmei komt de kwaliteit fan de jeugdsoarch yn gefaar, seit foarsitter Kamps. Gemeenten sjogge tefolle nei it oergongsjier 2015 en te min nei de jierren dêrnei, neffens Kamps.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)