Noed oer iepenbier ferfier

23 sep 2009 - 11:10
  • De rekkenkeamer hat noed oer de takomst fan it iepenbier ferfier
  • It rapport

De Noardlike Rekkenkeamer hat noed oer de takomst fan it iepenbier ferfier. Der is krityk op de rol fan de provinsje. Dy leit de risiko's by de ferfierders del, mar makket sels betingsten wêrtroch't de winst fan de ferfierders beheind is.

De rekkenkeamer hat de oanbestegings tusken 2005 en 2008 ûndersocht. Net alle ferfiersbedriuwen krigen by de oanbestegings deselde kânsen. De provinsje hie ûnfolsleine ynformaasje jûn oer reizgerstallen en opbringsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)