Noed oer feiligens 80km-diken

18 sep 2013 - 12:07
  • 80 km-dyk benoarden Dokkum

De steatefraksje fan de PvdA hat grutte soargen oer de ferkearsfeiligens op 80 kilometerdiken yn Fryslân. De diken binne meastentiids te smel, sadat fytsers yn problemen komme kinne, benammen yn kombinaasje mei it bouferkear. Deputearre Sietske Poepjes hat earder al sein dat der wol 30 oant 50 miljoen euro nedich is om alle 80-kilometerdiken yn Fryslân feilich te meitsjen, mar foarearst hat de provinsje mar 18 miljoen euro beskikber.

De PvdA-steatefraksjes krijt in soad reaksjes fan bewenners yn de buert fan de Westergowei en de Stroobossertrekweg, beide yn de buert fan Dokkum. Deputearre Sietske Poepjes hat tasein op koarte termyn mei de steaten oer de feiligens op de 80-kilometerdiken te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)