Noed oer feart Holwert

25 apr 2009 - 15:19
  • Holwerters wolle dat de haven en de feart útbaggere wurde

Guon Holwerters binne benaud foar de takomst fan de haven fan it doarp. Minsken mei in boatsje kinne it doarp hast net yn- of útkomme, om't de feart net djip genôch is.

Yn Holwert roppe se al jierren dat de feart en de haven baggere wurde moat. De gemeente Dongeradiel hat noch neat dien. Der is te min jild foar it wurk dat in pear ton kostet. De gemeente siket no nei in betelbere oplossing. Mooglik wurdt de feart foar in part útbaggere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)