Noed oer dôve-ûndertiteling

18 jul 2003 - 00:00

De steatefraksjes fan CDA, FNP en SP wolle dat programma's fan Omrop Fryslân ûndertitele bliuwe foar dôven en minsken dy't min hearre kinne. De partijen hawwe dêroer fragen steld yn provinsjale steaten. Neffens de partijen is it wichtich dat dôve minsken ek it Fryske nijs folgje kinne. It CDA wol dat de provinsje 22.000 euro yn it jier jout foar de ûndertiteling.

Omrop Fryslân ûndertitele oant 1 july it Wykoersjoch fia teletekstside 888.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)