Noed oer dioksine-aaien

11 sep 2013 - 17:17
  • Hin yn hok mei aai

Under partikuliere hinnehâlders yn Harns en omlizzende doarpen Mullum en Winaam binne grutte soargen. Foarige wike waard bekend dat yn ferskate aaien te hege konsintraasje dioksine oantroffen is. It ûndersyk is útfierd troch de Harnzer politike partij Frisse Wind. De GGD riedt ôf de aaien mei te hege konsintraasje dioksine op te iten. De gemeente Harns hat by ynstânsjes oantrune op ekstra ûndersyk. Hobbyboeren krije troch alle opskuor in min imago. Dat is neffens de sektor folslein ûnterjochte, fynt karmaster Hoving fan de Fryske hinneklup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)