Noed oer berikberheid Akkrum

07 nov 2012 - 14:57

Needmaatregels foar twa brêgen yn Akkum kinne foar probemen mei de berikberheid soargje. Der mei ynkoarten gjin swier ferkear mear oer de twa brêgen dy't oan ein binne. De Meinesleatsbrêge moat ferfongen wurde. In plan om it swiere ferkear om Akkrum hinne te lieden mei in nije rûnwei is noch net útfierd.

Neffens de Akkrumer ûndernimmersferiening binne in soad doarpen wêrûnder Akkrum oanwiisd op de rûte oer de brêge foar it swiere ferkear en moat der in soad omriden wurde as dat net mear kin. Foar in part jildt dat ek foar Jirnsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)