Noed oer banen by ING

13 feb 2013 - 09:52

De oankundige reorganisaasje by ING sil gefolgen ha foar de festiging yn Ljouwert. Dat seit Fred Polhout fan FNV-bondgenoten. Neffens him binne meiwurkers fan de bank skokt oer de nije ûntslaggen. It bedriuw makke woansdei bekend dat der 1400 banen skrast wurde. Sa moat 120 miljoen euro besunige wurde. De bûnen binne benaud dat benammen it leger oplate personiel de klos wêze sil. Troch de gruttere rol fan ynternet sille ôfdielings lykas klanteservice en administraasje lykas dy yn Ljouwert sitte fierder ûnder druk komme te stean.

De bûnen sette yn op in saneamde ynterne flekspool by ING, werby't fêste minsken tenei ofwikseljend op meardere ofdielings wurkje. Ek wol FNV ynsette op it begelieden nei oar wurk, al sil dat hjir dreech wurde skatte se yn. By de ING yn Ljouwert binne de lêste jierren al flink wat ûnslaggen fallen. Wurken der twa jier lyn noch 2300 minsken by de bank, no binne dat der 2000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)