Noed oer âlde stoepkes Harns

03 nov 2010 - 10:40

De feriening âld-Harns wol de histoaryske stoepkes yn de binnenstêd fan Harns te behâlden. Se ha in brânbrief stjoerd nei de gemeenteried.

De âlde stoepkes lizze der yn guon gefallen al hûnderten jierren, mar by de werynrjochting fan de binnenstêd driigje se te ferdwinen. Neffens âld-Harns is dat frjemd om't de stoepkes foar in grut part partikulier besit binne. De klup wol de sichtbere skiednis behâlde en hopet dat de ried it noch keare kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)