Nocht fan fernielings jeugd

27 nov 2008 - 14:09

De ynwenners fan Ravenswâld yn de gemeente Eaststellingwerf hawwe skjin har nocht fan de fernielings dy't de jeugd yn it doarp oanrjochtet. De jeugd krast op auto's en slacht jûns let op de ruten.

Om dy problemen oan te pakken hiene se op de jiergearkomste fan Pleatslik Belang de plysje útnoege om de saak te bepraten. Neffens de plysje is oanjefte dwaan de bêste oplossing foar de swierrichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)