Nocht fan falske meldings

22 jul 2003 - 00:00

Mei dúdlike foarljochting wol de Kustwacht yn Den Helder in ein meitsje oan it grut tal falske meldings oer skippen yn need. Ferline jier waard der sawat 3000 kear melden dat der in skip yn swierrichheden wie. Op syn minst 800 dêrfan wiene falsk.

Benammen meldings dy't dien wurde mei it spesjale alarmearringssysteem soargje foar ûnnedich wurk by de Kustwacht. Minsken witte faak net hoe't se mei dy apparatuer omgean moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)