Nochris prate oer wynenerzjy

27 mrt 2002 - 00:00

Minister Jorritsma fan ekonomyske saken wol nochris mei Fryslân en Noard-Hollân om tafel om te praten oer wynenerzjy. Beide provinsjes fiele har net mear bûn oan eardere ôfspraken mei it regear, no't de Twadde Keamer it plan by de Ofslútdyk ôfsketten hat.

Neffens Jorritsma binne der wol oare plakken foar wynmûnen. Deputearre Jansen seit lykwols dat dy der net binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)