Nochris Pink Floyd Tribute Band

04 des 2006 - 16:07

De tributeband Pink Floyd Project jout in ekstra konsert op snein 14 jannewaris yn Poppoadium Romein yn Ljouwert. Dat is besletten nei't de earste show op de sneon dêrfoar rap útferkocht rekke.

It optreden, wêrby't bekende nûmers fan Pink Floyd útfierd wurde, duorret twa oeren. Oanslutend is der in loungeparty. Der is plak foar 250 minsken yn 'e seal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)