Nochris ekstra DNA-check

19 nov 2012 - 09:33
  • NFI

Der wurdt moandei noch in ekstra kontrôle-DNA-check útfierd yn de moardsaak-Vaatstra. Sneintejûn is in 45-jierrige fertochte oanhâlden yn Aldwâld. De oerienkomst is hiel grut, mar om hielendal wis te wêzen is nochris ekstra DNA-materiaal ôfnaam fan de fertochte.

It materiaal wurdt ûndersocht troch it Nederlands Forensisch Instituut.
As de útkomst bekend is, jout it Iepenbier Ministearje in parsekonferinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)