Noch wol glêd, mar iepenbier ferfier wer mear op regel

07 jan 2016 - 07:10

Nettsjinsteande koade read binne de bussen tongersdeitemoarn op de tredde izeldei wer de dyk op gien. It treinferkear rydt ek wer neffens de gewoane tsjinstregeling, sa litte de ferfierders Arriva en Qbuzz witte.

Arriva wiist der wol op dat reizgers rekken hâlde moatte mei fertraging en útfal fan busritten. Sa ride de lijnen 51 en 651 fanwege de glêdens net oer it doarp Aldtsjerk, mar oer de provinsjale dyk. Qbuzz meldt ek dat der fertragings mooglik binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)